Wolkom

Wolkom yn Drylts!

Myn namme is Teatse Holtrop, ûnderwizer, skriuwer en dichter. Mei ik dy útnoegje om my te folgjen? Yn 18 koarte ferhalen lied ik dy rûn troch de stêd fan myn eartiidse bernejierren, troch it Drylts fan 1868. En witst wat it moaie is? Der is sûnt dy tiid net iens sa’n protte feroare.

Dizze belibbingsrûte begjint by myn eartiidse wenhûs, oan it begjin fan de Eegracht. Fan dat punt ôf fertel ik op 18 plakken yn ‘e stêd in ferhaal. Do kinst se beslústerje yn de foalchoarder dy’t ik útstel, mar ek yn dyn eigen foalchoarder, of ast net genôch tiid hast allinnich in seleksje.

Yn it menu ‘Plakken’ stiet in oersjoch fan alle lokaasjes. Set de gps-funksje fan dyn tillefoan of tablet oan, en do sjochst wêr’t de ferhalen yn ‘e buert te finen binne.

Yn it menu ‘Plattegrûn’ stean de lokaasjes op de plattegrûn fan Drylts oanjûn.

Ik winskje dy in moaie dei en in prachtige kuier ta.